Tal sushirestaurants yn Ljouwert nimt ta: "It is hast Tokio yn Ljouwert"

04 nov 2019 - 21:58

It tal sushirestaurants yn Ljouwert nimt rap ta en is yn tsien jier tiid mear as ferdûbele: fan fiif nei alve. Foar ûndernimmers wurdt it hieltyd dreger om de holle boppe wetter te hâlden. De populariteit fan sushi liedt dan ek ta soargen foar de branche en de ûndernimmers. "Ljouwert begjint sa stadichoan hieltyd mear op Tokio te lykjen."

Ien fan de sushisaken yn Ljouwert is Tao. Sy sitte al jierren by it stasjon en sjogge de groei ek. "Het is natuurlijk gewoon een recht om een eigen zaak te beginnen", fertelt eigener Jintao Pan. "Maar als er steeds meer zaken bij komen, dan wordt het moeilijk om je hoofd boven water te houden."

Neffens Pan is it belangryk om te ynnovearjen. Sa hâlde je de minsken binnen. "Een groot voorbeeld van innovatie is de tablet die we nu gebruiken", seit Tao, wylst er syn nije útfining toant. "Mensen komen binnen en dan kunnen ze al snel bestellen, zonder dat ze eerst op een ober hoeven te wachten."

Dat docht fertuten, mar in ynnovaasje wurdt gau oernommen. "Toen wij het hadden, was het net nieuw. Maar al snel hadden de andere restaurants het ook. Dan wordt het moeilijk om uniek te blijven."

Foto: Omrop Fryslân, Richard Kalsbeek

Hoe hâlde Ljouwerter sushisaken de holle boppe wetter? 

Ljouwert hat bot lêst fan leechstân yn 'e binnenstêd en it is wichtich dat alles opfolle wurdt. De gemeente bemuoit him dan ek net mei wat der yn in leechsteand pân komt. Neffens Tao is it wichtich dat de gemeente him wol bemuoit mei wat er yn de pannen komt. "Als de hele straat vol zit met sushizaken, is er niets meer aan voor de Leeuwarder. Dat moet veranderen en dus moet de gemeente er wel naar kijken. Een straat moet een verscheidenheid aan zaken hebben en niet alles van hetzelfde."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Gjin Ruslân of Noard-Koreä

Neffens Corné van de Erve, foarsitter fan Koninklijke Horeca Nederlân, is it foar elke ûndernimmer in goed rjocht om in eigen saak te begjinnen. "Het aantal sushirestaurants is hoog, maar dat betekent niet dat er geen geld mee te verdienen valt. Een ondernemer start echt niet een zaak als er geen geld op de plank komt." Hy fynt dus ek net dat de gemeente yngripe moat. "Dat doen ze alleen in Rusland of Noord-Korea. Daar bepaalt de overheid alles, maar we zitten hier gelukkig in Nederland."

Wat is probleem neffens Koninklijke Horeca Nederlân?

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Corné van de Erve slút him wol by Jintao oan as it giet om it ferskaat oan oanbod. "We zien in Leeuwarden nu heel veel horeca. Het is voor de stad heel belangrijk om allerlei verschillende zaken te hebben: een kapper, supermarkten, restaurants en winkels. Dat is belangrijk. Daar moet Leeuwarden goed naar kijken en wij willen graag met ze in gesprek om meer verscheidenheid in Leeuwarden te krijgen."

Trefwurden: 
Ljouwert sushi Tao
(advertinsje)
(advertinsje)