FNV: "Heel bijzonder" dat alle Fryske sikehûzen stake

04 nov 2019 - 19:28

Dat alle fjouwer Fryske sikehûzen meidogge oan de lanlike aksjedei op 20 novimber is hiel bysûnder, seit bestjoerder Harma Schraga fan fakbûn FNV. "Dat geeft aan dat het water ze aan de lippen staat."

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

"Het is topsport zo langzamerhand, werken in een ziekehuis", seit Schraga. "Daarom willen de medewerkers van ziekenhuizen een goede cao, met aan de ene kant een loonsverhoging, maar net zo belangrijk: een lagere werkdruk."

'Wurkjouwers nimme it serieus'

Schraga tinkt dat de aksje helpt om de doelen te heljen: "We gaan er met deze extra druk vanuit dat de werkgevers dit serieus gaan nemen. Tot nu toe staakten steeds een paar ziekenhuizen tegelijkertijd, of een aantal afdelingen per ziekenhuis. Het zijn nu heel veel ziekenhuizen, al 82."

Der moatte dit jier noch ôfspraken komme oer in leansferheging en maatregels om wurkdruk tsjin te gean, fine de fakbûnen.

Pasjinten ha begryp

De pasjinten sille fernimme dat de sikehûzen yn aksje komme, mar neffens Schraga ha de minsken in soad begryp foar de meiwurkers fan sikehûzen: "Ze zien goed hoe hard de mensen werken. Daar hebben ze beter zicht op dan de werkgevers, lijkt het wel. En beter nu even last, dan dat er op den duur helemaal geen mensen meer in de zorg werken."

Hûnderten ôfdielingen, lykas operaasjekeamers, radiology, ferpleechôfdielingen, fasilitêre tsjinst en laboratoaria binne 24 oeren lang ticht. Dêrtroch wurde ek ôfspraken ôfsein of ferpleatst. De spoedôfdielingen bliuwe wol iepen.

Harma Schraga

De fjouwer Fryske sikehûzen binne Antonius yn Snits, Medisch Centrum Leeuwarden yn Ljouwert, Nij Smellinghe yn Drachten en Tjongerschans op It Hearrenfean.

(advertinsje)
(advertinsje)