Trainer Paul Oosterhof fuort by VC Snits: "Ik vind het ongelofelijk moeilijk"

04 nov 2019 - 22:27

Trainer/coach Paul Oosterhof hâldt fuortendaliks op by VC Snits. Dat hat er moandeitejûn oan syn spylsters ferteld. Hy kin it wurk as trainer net langer kombinearje mei syn wurk as dosint yn Stadskanaal. "Er moet meer tijd in de ploeg, want het team heeft het lastig. Dat kan ik niet leveren."

Paul Oosterhof - Foto: www.orange-pictures.nl

It wie in dreech beslút foar Oosterhof. "Ik vind het ongelofelijk moeilijk", seit er. "Ik heb er hard voor gewerkt om dit te bereiken en nu laat ik het team in de steek. Uiteindelijk is dit ook de beste keuze voor het team, maar het is niet fijn om te stoppen."

"Het liefst ga ik voorop in de strijd, maar dat lukt me niet meer. Dat is heel confronterend en dat vind ik ongelofelijk kloten."

Assistint nimt taken Oosterhof oer

It bestjoer fan VC Snits fynt it spitich dat Oosterhof fuortgiet, mar seit syn beslút wol te begripen. De assistint fan Oosterhof, Henriëtte ter Steege, nimt it wurk fan Oosterhof oer. It bestjoer hopet dat Ter Steege it seizoen ôfmeitsje wol as trainer, mar dêroer is noch gjin beslút fallen.

Oosterhof begûn yn 2018 by VC Snits as haadtrainer fan it frouljusteam. Dat earste seizoen ûnder lieding fan de Grinzer einige VC Snits as twadde yn de kompetysje. Yn de finale om de lânstitel wie Sliedrecht Sport te sterk. Dit jier, mei in gruttendiels nije seleksje, rint it minder: nei fiif wedstriden hat VC Snits noch net wûn en stiet de ploech ûnderoan.

Paul Oosterhof oer syn beslút

(advertinsje)
(advertinsje)