Hearrenfean bekeret op in tiisdei, Cambuur-Feyenoord op tongersdei

04 nov 2019 - 18:12

Sportklup Hearrenfean bekeret op tiisdei 17 desimber thús tsjin Roda JC. De bekerwedstriid fan Cambuur tsjin Feyenoord is op tongersdei 19 desimber. De lottingen fan de wedstriden yn de earste ronde fan de beker wiene earder al bekend, de KNVB hat moandei de presise data bekend makke.

Foto: ANP

De Feansters pleatsten harren troch ôfrûne woansdei mei 3-0 te winnen fan Excelsior Maassluis. Cambuur wûn in dei earder al ienfâldich yn en fan Goes: 5-0. De tredde Fryske klup yn de earste ronde fan de KNVB-beker, Harkemase Boys, waard útskeakele troch FC Grins (1-2).

De wedstriid fan Hearrenfean yn de earste ronde tsjin Roda JC is om 19.45 oere. Cambuur spilet twa dagen letter om 20.45 oere tsjin Feyenoord. Dy wedstriid wurdt live útstjoerd op FOX Sports. Beide wedstriden binne fansels ek te folgjen by Omrop Fryslân op de radio.

Kompetysjewedstriid tsjin Excelsior letter

Omdat de bekerwedstriid fan Cambuur op in tongersdei is, wurdt de kompetysjewedstriid tsjin Excelsior yn Rotterdam ferskood. Dy wurdt no spile op snein 22 desimber.

Der sitte no noch 32 klups yn de beker. De winners fan de wedstriden ein oktober pleatse harren foar de achtste finalen.

(advertinsje)
(advertinsje)