Bestjoerder Jeugdhulp stapt op, omdat der gjin fertrouwen mear wie

De bestjoerder fan Jeugdhulp Friesland is opstapt. Jeroen van Oijen wie bestjoerder fan maart 2015 ôf. Neffens Jeugdhulp wie it ûnderlinge fertrouwen ûnder druk kommen te stean.
© Google Street View
Van Oijen wie in skoft ôfwêzich en kaam werom yn in perioade mei in komplekse oanbesteging fan heech spesjalistyske jeugdhelp. Fryske gemeenten en sân soarchoanbieders lutsen dêryn mei mekoar op. Yn dy perioade soe binnen dy gearwurking it fertrouwen ûnderling oantaast wêze, mei as gefolch dat de direkteur syn konklúzje lutsen hat en moandei syn posysje beskikber steld hat.
Der is ek al in tydlike opfolger fûn. Selie Weistra is beneamd ta ynterim-bestjoerder. Sy wie fan maaie 2018 oant maart 2019 - doe't Van Oijen ôfwêzich wie - ek al bestjoerlik einferantwurdlik. De Ried fan Tafersjoch start in proseduere om in nije bestjoerder te finen.