'Mantelzorgmonologen' meitsje ferlet fan mantelsoargers besprekber

04 nov 2019 - 17:31

Yn de teäterfoarstelling 'De Mantelzorgmonologen' op De Jouwer komme de makkers mei ferhalen dy't basearre binne op werklike ferhalen fan mantelsoargers. De foarstelling is de ynlieding fan in diskusje tusken mantelsoargers en soarchfregers oer wêr't ferlet fan is.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

In mantelsoarger is ien dy't soarch jout oan in neiste. Dat is yntinsive soarch en komt hieltyd mear ûnder druk te stean, want minsken wenje hieltyd langer thús.

De monologen binne werkenbere situaasjes om't de ûnderfiningen oan de oarder komme fan in jonge, in wurkjende en in âldere mantelsoarger. Elk ken wol in mantelsoarger.

Wêr rinst tsjinoan?

Nei ôfrin fan de foarstelling praten minsken út de soarch en de gemeente oer de mantelsoarch oer fragen as wêr rinne se tsjinoan en hoe kinne we elkoar helpe?

Oan tematafels praten professionals mei minsken dy't mei mantelsoarch te krijen hawwe. Ien fan har is Miranda Hobo, lokaasjemanager Hof en Hiem op De Jouwer. "We hebben veel te maken met mantelzorg, bijvoorbeeld bij kleinschalig wonen zijn mensen met dementie en dan hebben we veel te maken met familieleden. Het is niet altijd bekend waar behoefte aan is en daar is deze middag goed voor."

Trefwurden: 
soarch Mantelzorgmonologen
(advertinsje)
(advertinsje)