LDODK set útein mei Kuorbal League yn 'Wedstriid fan de Wike'

04 nov 2019 - 17:28

We sitte wer yn de wintermoannen en dat betsjut dat de kuorbalkompetysje fierder giet yn de seal. En lit dat no krekt it wichtichste part wêze fan it seizoen. LDODK wol dizze edysje yn de Kuorbal League de folgjende stap sette en de finale helje. De earste sealwedstriid fan LDODK sneon út tsjin Tempo is de 'Wedstriid fan de Wike'.

De Gordyksters wolle harren prestaasje fan ferline seizoen, wêryn't se strânen yn de heale finale, ferbetterje. "It seizoen stiet foar LDODK yn it ramt fan ien ding: Ahoy helje", seit sportferslachjouwer Freark Wijma. Yn Ahoy wurdt de finale spile. "Hoe, wêr en mei wa makket se neat út. Se wolle it perfoarst helje."

It kin dêrby helpe dat Erwin Zwart en Marjolijn Kroon ophâlden binne as ynternasjonal. "Se kinne harren dêrtroch folslein op LDODK fokusje." Boppedat hat LDODK der mei Marloes Frieswijk in ynternasjonal bykrigen.

De wedstriid tusken Tempo en LDODK begjint sneontejûn om 20.00 oere yn Alphen aan den Rijn. It duel is live te folgjen op de webside en yn de app by Omrop Fryslân.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)