Wa is de âldste fytser fan Waadhoeke?

04 nov 2019 - 17:04

In bysûndere ferkiezing yn de gemeente Waadhoeke: wa is de âldste fytser fan de gemeente? De ferkiezing is in inisjatyf fan it lanlike programma Doortrappen, dat minsken bewust meitsje wol fan it feit dat sy harren hiele libben fytse kinne.

Foto: ANP

Waadhoeke docht dêr oan mei en ropt dêrfoar de help yn fan de ynwenners. Dy kinne harren famylje of bekenden opjaan foar de ferkiezing. De âldste persoan dy't binnen komt, kriget in bokaal en de titel âldste fytser fan Waadhoeke.

Elektryske fyts mei ek?

Oanmelde kin oant 30 novimber by de gemeente; op 13 desimber wurdt de âldste fytser bekend makke. It makket lykwols net út oft der fytst wurdt op in fyts mei twa of trije tsjillen, of dat de fyts elektrysk is of net.

Trefwurden: 
fytser Waadhoeke ferkiezing
(advertinsje)
(advertinsje)