Undersyk wiist út dat sâlt noch minder is as tocht: "Laat het zout staan"

Sâlt stimulearret it krijen fan ûntstekkingen en kin mooglik ek slachierferkalking slimmer meitsje. Dat bringt de Hartstichting nei bûten. Wittenskippers fan it Amsterdamse sikehûs UMC ha dêr ûndersyk nei dien. It is foar it earst dat it ferbân oantoand is.
© ANP
"Ik was wel verrast door de uitkomst" fertelt Ilse Schroever, se is ynternist yn it hertsintrum fan it MCL yn Ljouwert. "We wisten al wel dat zout zorgt voor een hoge bloeddruk en dat zorgt voor een hogere kans op hart- en vaatziekten. Zout is niet goed en we eten teveel zout."
Dit ûndersyk is neffens har in ekstra argumint om der mear om te tinken. "Zout is dus nog slechter dan we al dachten en het kan dus ook ontsteking in de vaatwand veroorzaken wat weer een grotere kans op hart- en vaatziekten geeft. Bij het MCL maken we mensen duidelijk dat ze minder zout moeten eten. We krijgen meer binnen dan je denkt."
It ûndersyk is dien by sûne frijwilligers fan in jier as 30. In part krige in soad sâlt binnen en in oar part krek folle minder as gewoanwei. "Ze namen een hapje huidweefsel en zagen dat bij de 'zoute' groep meer ontstekingscellen waren te zien."
Har advys is om gjin sâlt oan it iten ta te heakjen. "Vaak zit er al zout in de producten. Dus laat het zout staan en gebruik andere kruiden voor de smaak."
Ilse Schroever