Weststellingwerf stapt nei Ried fan Steat om gaswinning Noardwâlde te kearen

04 nov 2019 - 16:56

De gemeente Weststellingwerf wol fia de Ried fan Steat dochs noch wat dwaan tsjin de gaswinning yn Noardwâlde. It bestimmingsplan jout oan dat besteande en nije gaswinning mooglik is. Dêrtsjin kin de gemeente gjin beswier oantekenje, mar dat kin wol by de Ried fan Steat tsjin it definitive ynstimmingsbeslút. Dat docht it kolleezje tegearre mei Eaststellingwerf.

Gawinning Noardwâlde - Foto: Ronnie Porte

Gaswinningsbedriuw Vermilion wol gas winne út in boarput dy't sûnt 2004 net mear aktyf is. Dêrnjonken wol it Kanadeeske bedriuw in nij gasfjild oanboarje. De winning soe rinne oant uterlik 2038.

Oerlêst omwenners

Vermilion wachtet net op in útspraak fan de Ried fan Steat. No't se alle fergunningen ha, kinne se begjinne mei boarjen, is it argumint. It bedriuw is no dwaande om de lokaasje klear te meitsjen foar boarringen. Dat smyt in protte oerlêst foar omwenners op, neffens Ton Mulder fan de lokale partij Blijf Stellingwarfs. Neffens de gemeente hat Vermilion ek klachten hân oer de oerlêst. Wethâlder Hanneke Zonderland nimt dy klachten mei nei in wurkbesite oan de boarlokaasje op 11 novimber.

Earder hie de gemeente al beswier makke tsjin it ûntwerpwinningsplan. Dêrby ha se wiisd op in boaiemtrilling yn 2009 mei in krêft fan 2,8 op de skaal fan Richter, de ferwachte kâns op in nije boaiemtrilling en it ûntbrekken fan in proefboarring. Mar dy beswieren binne dus ôfwiisd.

Gearwurkje mei gemeente Hearrenfean

Tegearre mei de gemeente Hearrenfean striidt Weststellingwerf ek tsjin gaswinningen by Nijhoarne en Aldlemmer. By Nijhoarne moat der foar 1 maaie 2020 in miljeu-effektrapportaazje lizze. It ûntwerp-ynstimmingsbeslút foar de winning by Aldlemmer leit oant 5 desimber 'ter inzage' by it ministearje fan Ekonomyske Saken en Klimaat.

(advertinsje)
(advertinsje)