Sportcast: "Hearrenfean hat mear echte mannen nedich"

Genôch te bepraten yn de nije Sportcast: in lykspul foar SC Cambuur en SC Hearrenfean, mar der waard net allinnich op heech nivo fuotballe. De reedriders setten útein mei it nije seizoen yn Thialf. It grutste Fryske sportsúkses wie miskien wol it finaleplak fan Danny Noppert op de World Series Finals. Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en dartekspert Mats Gies beprate it Fryske sportwykein. De presintaasje is yn hannen fan Jantine Weidenaar.
De podcast is ek te beharkjen op Spotify en yn de podcast-apps.
SC Cambuur en NEC slaggen der net yn om te skoaren. It wie it earste puntferlies fan de Ljouwerters yn it eigen stadion. Dat wie lykwols gjin skande, want NEC wie in goede ploech, fûn ek Geert van Tuinen: "Kinst de top fan de kompetysje sa wol ynfolje: NAC, De Graafschap, Cambuur, NEC en Excelsior sille stride om de titel."
Smetsje op de wedstriid wie it útfallen fan Jordy van Deelen, al koe syn ferfanger Doke Schmidt Geert van Tuinen wol bekoare: "Doke Schmidt wie fantastysk. Hy is sa sterk en hy is in oanjager yn it fjild, krekt wat Cambuur nedich hat."

"Halilovic liet te min sjen"

SC Hearrenfean hat in teloarstellende wedstriid efter de rêch. De ploech fan Johnny Jansen spile lyk tsjin ADO Den Haag (1-1). Roelof de Vries wie net ûnder de yndruk fan de wedstriid: "It wie wer sa'n âlderwetsk potsje 'niet om aan te gluren'."
Alen Halilovic hie in plakje yn de basis, mar liet neffens Roelof de Vries te min sjen. Andor Faber tinkt wol te witten wêr't dat oan leit: "Sa'n jonge moat je net oan de bûtenkant sette, dy moat gewoan op 'e 10, mantsjes fuortstekke."

Dartpublyk net respektfol

In hichtepunt dit wykein wie de knappe prestaasje fan Danny Noppert. De Jouster helle de finale fan de World Series Finals. Mats Gies ferwachtet dat Noppert mei dizze ûnderfining no ek wat rêstiger wêze sil op oare telefyzjetoernoaien. Wat opfoel wie dat it publyk Noppert yn syn wedstriden hiel bot stipe. Benammen yn de heale finale, doe moast ek syn tsjinstanner, Dave Chisnall, it belije. Mats Gies wie dêr net oer te sprekken: "It Nederlânske dartpublyk is minder respektfol. Yn Ingelân sjogge je dit net."

Reedriden

De langebaanreedriders begûnen dit wykein yn Thialf oan it nije seizoen. Njoggen Friezen pleatsten harren foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden. Ek de shorttrackers binne wer úteinset. Suzanne Schulting hie yn Salt Lake City al betiid de foarm wer te pakken.
Ofwikseljend prate sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Arjen de Boer en Geert van Tuinen yn dizze podcast dy eltse moandei by oer al it sportnijs. Presintaasje is yn hannen fan Andries Bakker of Jantine Weidenaar.