Pieter Verhoeff ynspirearret filmmakkers by 48 Hour Film Project

Foar it Noordelijk Film Festival yn Ljouwert ha tritich teams meidien oan it 48 Hour Film Project. Dêrby moasten se binnen 48 oeren in film meitsje mei as wurkkredo de útspraak fan de ferstoarne filmmakker Pieter Verhoeff 'Je wint tijd, als je de tijd neemt'.
Pieter Verhoeff ûntfangt in oeuvrepriis op it Noordelijk Film Festival 2013 © Afke Manshanden
De teams krigen twa folle dagen de tiid om de opdracht te dwaan. Se krigen ferplichte eleminten dêr't se mei oan it wurk moasten. In sjenre, in foarwerp, in personaazje en in sin. Dit jier wie de sânde edysje. De films wurde beoardiele troch in sjuery.
Fjouwer teams hellen de deadline net. De koarte films binne sneon te sjen op it filmfestival.

Net earder fertoande bylden fan Verhoeff

By de premjêre fan de koarte films wurde ek noch nea fertoande bylden fan in ynterview mei de earder dit jier ferstoarne Fryske filmmakker Verhoeff toand. Dat binne bylden dy't opnaam binne foar de earste edysje fan it projekt.
It festival bringt dit jier in oade oan Verhoeff troch syn films en ek de minysearje De vuurtoren (1994) te fertoanen.