Plysje oefenet yn Ljouwert tsjin oanslach

De plysje, de Keninklike Maresjaussee en it Iepenbier Ministearje binne moandei dwaande mei oefeningen tsjin in oanslach. It is de earste oefendei yn in searje fan oefeningen dizze moanne. As ûnderdiel fan de oefening fleach moandeitemiddei oeren efterinoar in helikopter boppe Ljouwert.
© Nick den Boer / ProNews
Alle ienheden fan de plysje ha it ôfrûne healjier traind op de saneamde 'manhunt'-proseduere. Dat hâldt yn dat se in organisearre klopjacht dogge op ien of meardere persoanen, dy't op basis fan ynformaasje of ûndersyk mooglik in bedriging foarmje foar de nasjonale feilichheid. Yn Ljouwert is de oefening oan de Brandemar yn de wyk Bilgaard.

Lokaasjes en data foar dielnimmers ûnbekend

Der komme de kommende wiken mear oefeningen. Dy binne op ferskate data yn novimber en ek op ferskillende plakken. Wêr en wannear is ek foar de dielnimmers ûnbekend, om't de oefening sa realistysk mooglik wêze moat.
Binnen de plysje dogge ferskate dissiplinen mei oan de oefening, bygelyks de resjerzje, de forinsyske opspoaring, de tsjinst spesjale yntervinsjes en observaasjeteams.

Ofsletten foar publyk en parse

Om de oefeningen sa realistysk mooglik ferrinne te litten, wurde de oefenlokaasjes oanklaaid en akteurs ynset. De lokaasjes binne foar publyk en parse ôfsletten. Saneamde 'safety officers' soargje derfoar dat de oefeningen feilich ferrinne.
Tessel Horsman