FIDEO: Ympresje rekôredysje Berenloop

04 nov 2019 - 14:55

De 24e Berenloop op Skylge hie mei sa'n 7000 dielnimmers oer twa dagen in rekôrtal sporters oan de start. Der wiene 700 frijwilligers yn it spier om alles yn goede banen te lieden. Op de hiele maraton kamen goed 600 atleten yn aksje. Olfert Molenhuis út Assen wie de rapste.

Sfearympresje mei bylden fan de toppers op de hiele maraton en reaksjes fan de bêste Friezen:

Molenhuis hie 2:28.59 nedich foar de maraton. It twadde plak wie foar Iwan Kamminga út Nieuwe Pekela. Willem de Boer fan Eksmoarre einige yn 2:39.03 as tredde. Hy waard dêrmei de bêste Fries.

Willem de Boer is wiis mei syn poadiumplak yn de Berenloop:

Boalserter Erik Negerman is sânfâldich winner fan de heale maraton op Skylge. Hy makke ditkear syn debút op de hiele maraton en waard yn 2:44.15 fiifde yn de Berenloop. Dêrmei is Negerman de twadde Fries op de maraton achter Willem de Boer.

Erik Negerman makke syn debút op de hiele maraton:

(advertinsje)
(advertinsje)