Speakaboo-app komt mei Fryske ferzje; helpmiddel foar logopedisten

04 nov 2019 - 14:26

As bern muoite ha mei it learen fan de klanken fan in taal, kinne logopedisten helpe. Mar by it Frysk binne se oan, om't der gjin fonologyske test foar it Frysk foarhannen is. Dêr komt no feroaring yn mei de Speakaboo-app dy't mei in Fryske fariant komt.

Foto: ANP

Mei allinnich in Nederlânske test krijt in logopedist gjin folslein byld fan de fonologyske ferwerving, sis mar it learen fan de klanken, fan in jong Frysktalich bern.

Der komt in Fryske ferzje fan de Speakaboo-app. Dizze meartalige app kinne logopedisten as observaasje-ynstrumint ynsette om de klankferwerving by meartalige bern te ûndersykjen. De app is al yn 16 talen beskikber.

Undersyk

Jelske Dijkstra fan de Fryske Akademy sil ûndersyk dwaan nei klankferwerving by Frysktalige bern. Dêr is net folle oer bekend. Sûnder dy kennis is it dreech op in betroubere manier spraaksteurnissen te diagnostisearjen en goed te behanneljen.

De nije app kin dêr ek by brûkt wurde om grutskalich ûndersyk nei de Fryske en Nederlânske klankferwerving fan Fryske bern te dwaan.

Sa wurdt yn de kommende twa jier yn kaart brocht hoe en yn watfoar folchoarder Frysktalige bern de klanken fan dy beide talen leare.

(advertinsje)
(advertinsje)