Fryske sikehûzen dogge mei oan staking op 20 novimber

Ferskate Fryske sikehûzen dogge mei oan de lanlike aksjedei op 20 novimber. Op dy dei slute sikehûzen en refalidaasjesintra de doarren foar net spoed-easkjende gefallen om te staken foar in bettere cao. De fakbûnen hawwe oproppen ta dizze aksjedei.
Sikehûs MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Oer it hiele lân is in grutte reewilligens om te staken. By sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean docht op syn minst 75 persint fan de 1.400 meiwurkers mei en by it MCL, mei 3.700 meiwurkers, docht 80 prosint mei.
Hûnderten ôfdielingen, lykas operaasjekeamers, radiology, ferpleechôfdielingen, fasilitêre tsjinst en laboratoaria binne 24 oeren lang ticht.
De sikehûsmeiwurkers binne lilk op de Nederlandse Vereniging van Ziekenhuizen fanwegen it útbliuwen fan in goede cao. De fakbûnen wolle in goede strukturele leansferheging yn 2019 en in ekstra taslach op lean as meiwerkers op it lêst momint oproppen wurde. Ek wolle se goede ôfspraken oer arbeids- en rêsttiden en oer ynstream en behâld fan meiwurkers.
Mei elkoar falle 200.000 meiwurkers ûnder de cao. De âlde cao ferrûn op 31 maart dit jier.
It giet yn Fryslân om: Antonius sikehûs yn Snits, Medisch Centrum Leeuwarden yn Ljouwert, Nij Smellinghe yn Drachten en Tjongerschans op It Hearrenfean.