Twa miljoen euro ekstra foar oanpak Fryske wurkleazens

04 nov 2019 - 13:35

Fryslân krijt twa miljoen om minsken mei in grutte ôfstân ta de arbeidsmerk wer oan it wurk te krijen. Mei it aksjeplan 'Perspectief op Werk' moatte sa'n 400 minsken yn twa jier tiid in baan fine.

Foto: Pexels.com

Dêrfoar wurde saneamde matchingseveneminten en ynspiraasjetoers organisearre. Foar elke wurksykjende is in budzjet beskikber foar persoanlike begelieding nei in baan of it folgjen fan in oplieding.

Fryslân Werkt

It jild wurdt ferdield troch Fryslân Werkt, dêr't alle Fryske gemeenten, it UWV, sosjale wurkplakken, ûnderwiis en sosjale partners yn gearwurkje.

Trefwurden: 
wurkleazen Fryslân Werkt
(advertinsje)
(advertinsje)