Basisskoalle It Holdersnêst op De Harkema: "Dit is in 'doekje voor het bloeden'"

04 nov 2019 - 12:39

De doarren fan basisskoalle It Holdersnêst op De Harkema binne woansdei ticht. De masters en juffers dêr dogge wol mei oan de lanlike staking. Direkteur Michiel Veenstra: "It is heech tiid dat ús berop wurdearre wurdt. En dêrfoar moat der struktureel jild op it kleed komme."

Foto: ANP Foto

Syn app ûntplofte dit wykein, fertelt direkteur Michiel Veenstra fan It Holdersnêst. "Wy wiene al moai op tiid om te fertellen dat wy woansdei stake soenen. Mar freedtejûn like it efkes as hoegde it allegear net troch te gean. Doe't lykwols bliken die dat it net in strukturele oplossing is, wie foar ús dúdlik dat wy achter de stakingsoprop stean bliuwe. Dus wy slute de doarren woansdei."

'Doekje voor het bloeden'

Willem Oostra is master fan groep 8 en leit út wêrom't der dochs staakt wurdt. "Oars moat wy oer in jier wer. Wy moatte in strukturele oplossing fine foar de kommende jierren. Wy ha it der fan 'e moarn oer hân yn 'e klasse. Der wiene ek bern dy't wol snappe dat it in 'doekje voor het bloeden' is. Yn groep 8 begripe de bern dat al wol."

Leansferskil

Direkteur Michiel Veenstra: "Us berop moat wurdearre wurde. De earste stap is dat it ferskil yn leanen tusken it basisûnderwiis en de middelbere skoalle opheft wurdt. Mar der moat ek echt ynvestearre wurde yn it ûnderwiis."

Basisskoalle It Holdersnêst slút de doarren woansdei

(advertinsje)
(advertinsje)