Mynbou: "Grutte eangst blykt spikerhurde wierheid"

04 nov 2019 - 12:34

Boargergroepen seagen it al oankommen. Ut ûndersyk fan de fjouwer noardlike regionale omroppen hat bliken dien dat offisjele gegevens en rapporten oer mynbou yn ús lân fol steane mei flaters. Geregeld is sprake fan tsjinstridige advysrapporten oer de gas-, oalje-, sâltwinning en ôffalwetterynjeksje. "De grote vrees die we toch al hadden, blijkt nu keiharde waarheid", is de reaksje fan ien fan de boargerkomitees.

Foto: Omrop Fryslân

Rapporten

Europeeske rjochtlinen wurde net altyd neilibbe en miljeufergunningen wurde net oanfrege. Fierder wurde risiko's yn in soad konseptrapporten noch wol besksreaun, mar binne dy gegevens yn meardere gefallen út de definitive rapporten helle. De konklúzjes út it ûndersyk fan de regionale omroppen roppe in gefoel fan ûnfeilichheid op. Kin de oerheid wol in suver byld hawwe van de risiko's dy't we rinne?

De omroppen leinen har befiningen net inkeld foar oan Staatstoezicht op de Mijnen. We fregen ek de ferskillende boargergroepen yn de fjouwer provinsjes om te reagearjen op ús konklúzjes. "Dit verbaast ons niet omdat we zelf eerder al soortgelijke conclusies hadden getrokken."

Harns

Ald-riedslid Rinze Post fan Harlinger Belang hâldt him al jierren dwaande mei de gefolgen fan de gas- en sâltwinning yn en by Harns. "Jierren lyn waard hjir de gasproduksje fan in beskaat gasfjild foar in part oerhevele nei de gasproduksje fan in oar fjild. Sa liek it oft út it iene fjild minder gas wûn wie as dêr't offisjeel sprake fan wie."

"Sa 'verdoezelest' datst tefolle produsearret, mar eins hie it bedriuw hjir in miljeufergunning oanfreegje moatten", seit Post wis. Troch de produksjesifers te manipulearjen hat it gaswinbedriuw himsels yn dit gefal hege ekstra kosten besparre. Post ûnderskriuwt de befiningen út it ûndersyk fan de fjouwer noardlike regionale omroppen.

It âld-riedslid komt mei in oar foarbyld dat him djip rekket. Foardat de sâltwinning by Harns begûn, wie de prognoaze dat de boaiem troch de aktiviteiten yn 20 jier sakje soe mei 17 sintimeter. "Soargen hoegden we ús net te meitsjen, sa waard doe sein." Mar ûnderwilens is sprake fan 35 sintimeter boaiemdelgong en binne de winningen yn it gebiet sels stillein. Ek Post seit: "net alle rapporten binne fout, mar in hiel soad rapporten doge gewoan net."

Slachter kart syn eigen fleis

Alie Eiting út Diever folget de mynbou-aktiviteiten yn de regio Súdwest-Drinte en dielt har befiningen mei Milieudefensie. De ûndersykskonklúzjes fernuverje har net.

Neffens Alie is de wet- en regeljouwing ek sa ynrjochte, dat de ferantwurdliken altyd nei elkoar wize kinne as it mis giet. Boppedat is die regeljouwing heel skimich en hiel kompleks. "Je vraagt je wel af waarom het zo ingewikkeld is gemaakt, want het vergunningenstelsel keert zich nu tegen de burger. Het is als de slager die zijn eigen vlees aanwijst, de risico's bepaalt, de slacht uitvoert, de vergunningen regelt, de opbrengsten incasseert en dan ook nog voor anderen de gevolgen beoordeelt."

Drinkwetterwinning

Freddy Mensink is foarsitter fan boargerkomitee Stop Afvalwater Twente. Hy is net ferrast fan de ûndersykskonklúzjes. "We hebben er hier letterlijk mee te maken gehad. Er zouden hier in Twente geen risico's voor de drinkwaterwinning zijn, terwijl vervuild afvalwater in de bodem werd geïnjecteerd aan de rand van een drinkwaterwingebied. Maar na veel aandacht hierover in de media, zijn ze toch maar gestopt met injecteren op die locatie. Waarom zou je dat doen als je zo zeker bent van je zaak? Volgens hun eigen rapporten was er namelijk helemaal geen risico."

(advertinsje)
(advertinsje)