Apoteker De Jong: "Medisinetekoart oanpakke is sa maklik noch net"

04 nov 2019 - 12:26

It oplossen fan it medisinetekoart is net sa ienfâldich sa't minister Bruno Bruins foarspegelet. Dat seit Jouke de Jong fan de Fryske Apotekers Feriening. De minister wol yn petear gean mei fabrikanten, gruthannels, soarchfersekerders en apotekers, om sa in gruttere buffer te krijen yn de medisinefoarried. Mar dat is sa maklik noch net, tinkt De Jong.

Foto: ANP Foto

De Jong is bliid dat de minister stappen set yn dit swiere dossier en wiis dat der no wat gebeurt, mar yn petear gean mei fabrikanten is hast al net te dwaan, stelt er. "Dy sitte hast allegear yn Azië, yn lannen as Sina en Yndia. Dat is wol in moai en leaf idee, mar ek wol wat nayf. Dus dat wurdt him net. Dêr jildt mar ien saak en dat is produsearje foar de leechste priis."

It twadde idee is om mei de gruthannels te praten. "Jo kinne dêr wol mei yn petear gean, mar de marzje op de prizen is hiel lyts. As de kosten heger wurde komt dan op rekken fan de soarchfersekerders en dus wurde de preemjes heger. Dy systematyk om de medisineferkeap hinne is sa yngewikkeld dat der folle mear barre moat om it probleem op te lossen."

Toutsjes yn eigen hannen

Neffens De Jong lizze alle ôfspraken al fêst yn it saneamde 'deklaraasjestelsel' mei soarchfersekerders. "Dat moat earst oanpakt wurde."

Hy pleitet derfoar dat medisinen wer yn Europa produsearre wurde. "Dêrtroch sille de medisinen wol wat djoerder wurde, mar jo hâlde de toutsjes kwa produksje dan wol yn eigen hannen."

Apoteker Jouke de Jong

Medisinetekoart

Der is op dit stuit in tekoart op ferskate medisinen yn apoteken. Dat jout problemen foar pasjinten. Neffens minister Bruno Bruins moatte de partijen mei-elkoar 25 miljoen euro beskikber stelle om it probleem op te lossen en der foar te soargjen dat der fiif moanne foarried is.

(advertinsje)
(advertinsje)