Ek Fryske jeugdsoarch ûndertekenet pamflet foar bettere beskerming

04 nov 2019 - 12:18

Geweld tsjin jeugdsoarchmeiwurkers moat swierder bestraft wurde, krekt as dat bart by geweld tsjin ambulânsemeiwurkers en brânwachtpersoaniel. Dat stiet yn in pamflet dat ferskate jeugdsoarchorganisaasjes oanbean ha oan ferantwurdlik minister Sander Dekker.

"Wij vinden dat ook jeugdzorgmedewerkers op die lijst moeten staan, waardoor agressie, geweld en bedreiging zwaarder worden bestraft", stelt Marianne Sinot, direkteur fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid, dat yn Fryslân ferantwurdlik is foar in part fan de jeugdsoarch.

Minister Dekker hat yntusken tasein yn petear te wollen mei de jeugdsoarch oer it tanimmende geweld. Dat is seker ek it gefal yn Fryslân, fernimt Sinot. "We horen van medewerkers dat ze dagelijks worden uitgescholden. Maar ook fysiek geweld en bedreigingen nemen toe. Soms worden medewerkers zelfs achtervolgd, zodat de cliënt weet waar ze wonen. Je kunt je voorstellen dat dit heel beangstigend is."

Hege wurkdruk

De wurkdruk is al tige heech yn de jeugdsoarch, wit Sinot. "Daar komt deze angst nog eens bovenop." Dat soarget foar útfal op de wurkflier. "De impact van die bedreigingen veroorzaakt een hoger ziekteverzuim", jout Sinot ta.

Marianne Sinot fan it Regiecentrum Bescherming en Veiligheid

Lestich probleem

It Regiecentrum Bescherming en Veiligheid nimt sels al de nedige maatregels om de feilichheid fan de meiwurkers te garandearjen. Mar dat is net genôch, fynt de direkteur. "Onze medewerkers moeten hun taak veilig uit kunnen voeren, maar er is helaas een kleine hardnekkige groep van mensen die doorgaat met dit soort bedreigingen. Vandaar dat wij vinden dat onze medewerkers ook op die lijst moeten staan, net als andere hulpverleners in de zorg."

(advertinsje)
(advertinsje)