Gumcleaners binne op It Hearrenfean goed 'te plak'

Kaugom op strjitte is foar in soad minsken in grutte boarne fan ergernis. Dêrom skeakelet de gemeente Hearrenfean de Gumcleaners yn: skjinmakkers dy't harren bûge oer alle kaugomresten op strjitte. En dêrfoar binne se op It Hearrenfean goed 'te plak'.
Gumcleaners binne op It Hearrenfean goed 'te plak'
It is noch in hiel karwei om alle kaugom wer fan strjitte te krijen. Foar dit putsje brûke de Gumcleaners in spesjale masine dy't mei stoom en hyt wetter de resten fan de stiennen en tegels krijt. Om alles sa duorsum en miljeufreonlik te dwaan brûke se allinnich ferantwurde skjinmakmiddels.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Robert Passano fan Gumcleaners: "Kauwgom is heel vervelend spul. Er zijn kauwgoms op suikerbasis en kauwgoms op chemische basis. Negentig procent halen we weg. Die halen we weg met stoom en borstels, meer is het eigenlijk niet."
It skjinmeitsjen fan in steech fan in meter as 50 duorret al sa'n twa oeren. "Het is een flinke klus, die de nodige tijd kost. Dus als we drie steegjes doen op een dag denk ik dat we een mooi resultaat hebben behaald."
Robert Passano fan it bedriuw Gumcleaners
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It skjinmeitsjen fan sa'n steech soarget foar hiel wat libben. "Het maakt wel wat lawaai, ja", jout Robert Passano fan it bedriuw Gumcleaners ta. Ek komt der hiel wat mist frij by it wurk. "Mensen betalen heel wat geld voor een stoombad, dus kom gerust een keer langs", laket er. "Mensen lopen langs met hun hand voor de mond, maar dat is nergens voor nodig. Het is gewoon waterdamp."
Gumcleaners hat der noch in hiele klus oan