Kollum: "Noch ien lyts dinkje"

04 nov 2019 - 08:53

"Se falle alle wiken by ús op de matte: de reklamefolders fan ferskate boumerken mei allerhanne oanbiedings. Wêr't wy se foarhinne fuortendaliks by it âld papier smieten, blêdzje wy se no troch op syk nei oanbiedingen fan farve, kliklaminaat of boarmasines. Nei hast trije moanne klussen kinne wy alles wol brûke.

Nynke van der Zee - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Nynke van der Zee

Wat my opfalt as ik troch dy reklamefolders blêdzje, binne de fleurige foto's fan steltsjes dy't tegearre oan it klussen binne. Se ha allegear in grutte smile op 'e kop en by-inoar passende klusklean oan. Nearne in farvespotsje te finen. Net op de stylfolle spikerbroek, net op it moaie skjinne shirt en sels net yn it hier. Mei oare wurden: dizze minsken ha net klust.

Wy binne no hast trije moanne ûnderweis en wolst net sjen hoe't wy der somtiden byrinne. In spikerbroek fol mei farve, pur-klonters en lym-kluten. In shirt dat ûnder de earms sa stadichoan al in bytsje begjint te rûken nei hurd wurkjen. En it hier sit ús meastentiids as in aap op 'e kop. Wy ha beide modieuze highlights yn it hier fan de plafondsaus, dy't we der mar net wer út krije. En hiel earlik: it kin ús ek al net sa folle mear skele.

Mar sa'n steltsje sjochst no noait yn in reklamefolder fan de Praxis, Karwei of Gamma stean. Dêr sit in breed laitsjend frommeske yn in skjinne kroade, wylst in noch breder laitsjende keardel de kroade optilt. No way, dat dit yn it echt sa bart. As ik mei myn kont yn in kroade sitten gean, kom ik der net iens mear út, sa stiif bin ik yntusken. Lit stean dat de oare helte de kroade optilt om in stikje mei my te riden. Bist gek. Dy ropt dat ik mei myn reet út de kroade komme moat. Wy ha wol wat betters te dwaan.

En net allinnich yn de reklamefolders falt it my op dat klussen fierstente 'rooskleurig' ôfskildere wurdt. Ek by de boumerk sels wurdt it yn sêne set. Geregeld sjoch ik in heit en in soan útstappen dy't tegearre guod ophelje om te klussen. In rôle behang, in blokkwaste en in amer behanglym. Sa gean se tegearre wer de winkel út, smite it guod achter yn de kofferbak en klaar is kees.

By ús giet dat hiel oars. Wy komme mei in grutte karre oanriden, nimme fjouwer parkearplakken yn beslach, omdat we net sa goed mei dat ding achterút ride kinne en stappe mei in boadskippelist fan fjouwer kantsjes de winkel binnen. Oeral moat wat weikomme. Balken, gipsplaten, stopkontakten, ledlampkes. Dêrom slepe we sa'n grutte net te bestjoeren karre achter ús oan, mei fan dy swenktsjiltsjes, dy't alle kanten op gean.

In karre tsjokfol mei rommel lavearje wy mei gefaar foar eigen libben tusken de pipernuten en de krystbeammen troch nei de kassa, dêr't de grutste útdaging begjint. It scannen fan de gipsplaten. Want silst altyd sjen dat dy streepkeskoade ergens ferstoppe achteroan sit, dêr't de frou fan de boumerk krékt net by kin. Dus de hiele rommel der wer ôf en nei it scannen der wer op. En ast tinkst datst it dan hân hast: nope. Want dan moat it hiele swikje noch op de karre laden wurde en fêstbûn mei spinnen en sjorbannen.

Wat ik mar sizze wol: klussen is noch in hiele klus. Mar lit dy net út it fjild slaan troch al dy moaie foto's en dy heiten en soannen dy't mei in grutte smile de boumerk wer útkomme. Echt, oait sil ik ek om ien lyts dinkje nei de boumerk gean. Ien lyts dinkje dat ik sûnder muoite ôfrekkenje by de kassa en dêrnei op de achterbank smyt. Ien lyts dinkje. Ik ha der no al sin oan."

(advertinsje)
(advertinsje)