Danny Noppert nei finaleferlies: "Ik hie myn krûd fersketten"

04 nov 2019 - 08:04

Darter Danny Noppert sjocht mei in tige tefreden gefoel werom op de World Series Finals yn Amsterdam. Noppert ferlear sneintejûn de finale mei 11-2 fan wrâldkampioen Michael van Gerwen. "Yn it begjin smiet ik noch hiel bêst, mar yn de finale hie ik myn krûd fersjitten."

Nei ôfrin wie der benammen blydskip by Noppert. "Troch myn finaleplak ha ik my no al pleatst foar de Grand Slam. Dat skeelt my in fleantochtsje nei Ingelân, dêr't ik my oars besykje moatten hie te pleatsen. Ik bin op de goeie wei. Ik hie miskien wat skerper smite moatten yn de finale, mar Michael is sa gigantysk goed. Der sil in momint komme dat ik him de baas bin."

Noppert hat folop genoaten fan de World Series Finals yn Amsterdam. "Dit wie myn moaiste wykein oant no ta. Dat it publyk myn namme ropt, betsjut hiel folle foar my. Ik fiel my krekt in fuotballer, dy't skoart."

Foto: Orange Pictures
(advertinsje)
(advertinsje)