Start Toskepoetswike: "In kwart fan de bern poetst te min"

04 nov 2019 - 07:47

Goed 1600 skoalbern op 38 skoallen rûnom yn Fryslân krije dizze wike les yn it toskboarsteljen. De toskepoetswike is in inisjatyf fan GGD Fryslân en de oplieding foar toskedoktersassistinten fan ROC Friese Poort. Neffens Esther de Vries van GGD Fryslân kin toskboarstelje altyd better. "Wy sjogge dat 75 prosint twa kear deis poetst, mar dat betsjut ek dat in kwart fan de bern dat net docht."

Foto: ANP Foto

It is wichtich dat der omtinken is foar toskboarsteljen. Mar it giet fierder as allinnich it poetsen. "Ek ús ytgewoanten binne feroare", leit De Vries út. "Bern drinke hieltyd mear frisdrinken mei in soad sûker. Mar bern ite ek hieltyd faker op in dei. Dat is allekearen wer in oanfal op de tosken. Dêrom leaver net mear as sân kear op in dei wat ite of drinke."

Tegearre mei studinten fan de opleiding Tandartsassistente wurde de lessen organisearre. "Yn alle lessen komt de poetsynstruksje werom", fertelt De Vries. "Ek krije de bern in brief mei nei hûs foar de âlden. Ek dy ha in hiel wichtige rol by it toskepoetsen."

Esther de Vries fan GGD Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)