Schulting pakt goud op 1000 meter yn Salt Lake City

Shorttrackster Suzanne Schulting hat snein it goud pakt op de 1000 meter by de World Cup yn Salt Lake City. Schulting wist de Sinese froulju Yutong Han en Chutong Zhang foar te bliuwen.
© ANP Foto
Rianne de Vries kaam net fierder as de kwartfinale fan de 1000 meter. Daan Breeuwsma kaam yn de B-finale fan de 1000 meter yn aksje en einige op it twadde plak.
By de ôflossing wiene der gjin medaljes foar Nederlân. Sawol de manljus- as de frouljusploech einigen op it fjirde plak krekt njonken it poadium.