Mynbougegevens en -rapporten stean fol flaters

04 nov 2019 - 22:52

Offisjele gegevens en rapporten oer mynbou yn ús lân sitte fol mei flaters. Geregeld sprekke advysrapporten oer de gas-, oalje- en sâltwinning en de ôffalwetterynjeksje elkoar tsjin. Europeeske rjochtlinen wurde lang net yn alle gefallen neilibbe en miljeufergunnings wurde net oanfrege. Dat docht bliken út ûndersyk fan de fjouwer noardlike regionale omroppen.

NAM ynstallaasje - Foto: Foto: RTV Oost

Ut it ûndersyk docht fierder bliken dat risiko's yn in soad konseptrapporten noch wol beskreaun wurde, mar dat dy gegevens yn meardere gefallen út de definitive rapporten skrast binne. Mynbouaktiviteiten wurde kontrolearre troch it Staatstoezicht op de Mijnen (SodM). Dy erkent dat der flaters stean yn harren iepenbiere database, mar omdat sy ek oare boarnen hawwe, soe dat in goeie kontrôle fan de winbedriuwen net yn it paad stean.

Rapporten trochspitte

Undersikers fan de fjouwer noardlike regionale omroppen hawwe in hiel soad rapporten trochspit en in ferskaat oan saakkundigen rieplachte. It giet om tûzenen siden tekst en wa't dy goed lêst, sjocht dat dy rapporten elkoar geregeld tsjinsprekke. Oft der mei opsetsin ynset wurdt op it mislieden fan minsken en ynstânsjes is dreech te bewizen, mar de tendins is wol hiel opfallend.

Risiko's wurde lytser makke

Der is in dúdlike tendins dat de risiko's en gefolgen yn foarûndersiken yn meardere gefallen lytser makke wurde. Dêrfan binne tsientallen foarbylden te finen, wêrûnder de foarôf ferwachte boaiemdelgong yn Fryslân en de drinkwetterfersmoarging yn Twinte. Risiko's wurde yn de konseptrapporten noch wol beskreaun, mar binne yn de definitive ferzjes út de tekst ferdwûn.

Needknop - Foto: Foto: RTV Oost

Yn winningsplannen wurde de ferwachtings oer hoefolle gas der út in fjild helle wurdt geregeld te leech ynskat. Ek hjirfan is in dúdlike tendins te sjen mei ûnder oare foarbylden yn Diever (Dr), Weststellingwerf (Fr) en Eesveen (Oer). Winbedriuwen hawwe finansjeel en juridysk belang by it opjaan fan in legere produksje, omdat je dêrmei ûnder de ferantwurdlikheid foar skea en de wetlike ferplichting foar in djoere miljeu-effekt rapportaazje (MER) útkomme kinne. It ûntbrekken fan in MER of in miljeufergunning sjogge je wol mear werom.

Plannen wurde letter oanpast

As de mynbou-aktiviteit ien kear fergund en opstart is, docht út ferfolchûndersiken bliken dat de gegevens of de konsekwinsjes meastentiids dochs oars binne mei hegere risiko's. Mar dan binne de fergunnings al ferliend. Yn Nederlân kinne je dy net samar ynlûke. Op dat stuit wurde de plannen oanpast oan de echte situaasje en kin de winner troch mei syn wurk. Mei alle risiko's dy't dêrby hearre.

Sitaat út in mailwikseling mei it SodM - Foto: Foto: RTV Oost

Yn it ûndersyk brûke de omroppen rapporten dy't ea iepenbier dield binne. De measte konseptrapporten binne net mear op it ynternet werom te finen; bytiden stean ek definitive ferzjes net mear online. Fierder krigen de omroppen ynsjoch yn in ferskaat oan mailwikselings mei meiwurkers fan it Staatstoezicht op de Mijnen (SodM). Dêrút docht bliken dat ek meiwurkers fan SodM witte dat der flaters makke wurde en dat sy harren yn guon gefallen ek fernuverje oer de útkomsten fan rapporten. "Ik deel je verwondering hierover", skreau in heechpleatste SodM-meiwurker koartlyn noch oan in boarger mei fragen.

Foar de gegevens út de mynbou binne wy sa goed as hielendal ôfhinklik fan de kommersjele winbedriuwen. Sy hawwe de wetlike plicht om data te sammeljen dy't doocht en dy gegevens te dielen mei de oerheid. Der is gjin feitlike kontrôle fan dy data. SodM stjoert allinnich op risiko's en wy moatte de bedriuwen fertrouwe dat sy de wet kreas neilibje. Underwilens moat de minister syn besluten en risiko-ôfwagings wol meitsje op basis fan wat dizze bedriuwen ús fertelle wolle.

Risiko-ôfwagings

De mynboudata fan de winbedriuwen foarmje de basis fan alle risiko-ôfwagings dy't de minister makket. It is dus fan grut belang dat dy gegevens betrouber binne. Ut eigen ûndersyk fan de regionale omroppen docht bliken dat de gegevens yn in soad rapporten op ferskillende wize ynterpretearre wurde. Wylst yn de mynbou ûnwissichheden nea út te sletten binne. Foarôf wurde risiko's ûnderbeljochte en achterôf wurde plannen bysteld oan de echte situaasje. Dit bart yn alle provinsjes; letter bystelde plannen hawwe wy fûn yn de gas- en sâltwinning, mar ek yn de ôffalwetterynjeksje.

Yn de fjouwer noardlike provinsjes wurde gas en oalje benammen wûn troch Vermilion en de NAM. Dêrneist binne der in tal lytse bedriuwen aktyf. De NAM en Vermilion binne ek ferantwurdlik foar de ynjeksje fan ôffalwetter út de oalje- of gaswinning. Offalwetterynjeksje bart yn Fryslân, Grinslân, Drinte en Oerisel. Sâlt wurdt wûn troch Esco Frisia yn Fryslân, yn Twinte troch Nouryon en yn Grinslân troch Nedmag.

(advertinsje)
(advertinsje)