In útsjochpunt foar bline minsken; op Skylge wurkje se deroan

It liket wat tsjinstridich, mar as it oan de Skylger stichting Sporen in het Zand en Staatsbosbeheer leit, komt it der echt: in útsjochpunt foar blinen en oare minsken dy't min sjen kinne. Under de namme 'Tastbaar Terschelling' moat der in makette komme fan it eilân op it Kaapsdún by it Seinpealdún. Sa kinne bline minsken harren op'e taast op it eilân oriïntearje.
In útsjochpunt foar blinen; op Skylge wurkje sy der oan
Op dat besteande útsjochpunt kinne jo it eilân ek goed hearre en rûke. Om der te kommen, moat it paad wol rânen krije dy't bline minsken goed folgje kinne. Der komme elts jier sa'n 100 oant 150 bline minsken selsstannich nei it eilân ta, mar der komme ek in soad blinen mei oare minsken mei en dan komt it tal potinsjele besikers al gau op 400 oant 500 minsken. De stichting Sporen in het Zand hat it dún earder ek al tagonklik makke foar minsken yn in rolstoel of skootmobyl. Der komme ek koades op de makette, dy't jo skanne kinne mei de mobyl om sa nei de ferhalen oer it eilân te lústerjen.

Alles op skaal

Hoe grut de Brandaris aanst wurdt op de makette, is noch net folslein dúdlik, seit betinker Jan Pieter Kok fan Sporen in het Zand. "Het hangt natuurlijk van de schaal af waarop we de maquette kunnen maken. Als we hem twee meter groot maken wordt hij 18 millimeter en als we hem drie meter maken, wordt hij 2,6 centimeter groot."
De betinker fan it plan Jan Pieter Kok fan de stifting Sporen in het Zand © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Foar it plan is 50.000 euro nedich en der wurdt hurd wurke om dat jild op it kleed te krijen. As alles goed giet, soe de makette der oer sa'n twa jier stean kinne.
Harkje nei de reportaazje fan Remco de Vries