Danny Noppert wis fan Grand Slam nei twadde plak yn World Series Finals

03 nov 2019 - 23:10

Darter Danny Noppert is sneintejûn yn de finale fan de World Series Finals ûnderút gien. De 28-jierrige Jouster ferlear yn Amsterdam mei 11-2 fan wrâldkampioen Michael van Gerwen. It wie de earste finale op in telefyzjetoernoai by it profbûn PDC foar Noppert.

Foto: Orange Pictures

De Jouster begûn lykwols mei in kreaze leg yn tolve darts en pakte de earste leg fan de finale. Wrâldkampioen Van Gerwen skeakele dêrnei by en wûn meardere legs oant it earste skoft: 4-1.

Van Gerwen te sterk

Letter yn de wedstriid wie de nûmer ien fan de wrâld in maatsje te grut foar Noppert. Van Gerwen kaam op in romme 9-1 foarsprong en wie ek noch ûnderweis nei in njoggendarter. Op de achtste pylk gie it mis foar de Brabanner. De wrâldkampioen bleau lykwols goed smite en wûn úteinlik mei 11-2.

Om't de World Series Finals in ynvitaasjetoernoai is, mei meardere spilers dy't útnûge binne, telt it prizejild net mei foar de wrâldranglist. De finale smyt Noppert lykwols wol sa'n 35.000 euro op.

Grand Slam wis

Nettsjinsteande it ferlies yn de finale is Danny Noppert no wis fan dielname oan de Grand Slam of Darts. Dat tv-toernoai wurdt fan 9 oant en mei 17 novimber spile yn it Ingelske Wolverhampton.

It telefyzjetoernoai de World Series Finals bestiet sûnt 2015. De earste trije edysjes waarden yn Skotlân spile en dêrnei ferhuze it toernoai foar ien kear nei Eastenryk. Dit jier wurdt de World Series Finals foar it earst yn Amsterdam en yn Nederlân hâlden. Darter Michael van Gerwen hat it toernoai meardere kearen wûn.

(advertinsje)
(advertinsje)