Ein oan oerwinningsrige UNIS Flyers: iishockeyers ferlieze yn Dútslân

03 nov 2019 - 22:41

De UNIS Flyers hawwe sneintejûn foar it earst dit seizoen ferlern. Yn de Inter Region Cup wie EHC Neuwied mei 2-1 te sterk. Dêrmei komt der in ein oan in rige fan alve oerwinningen fan de iishockeyers fan It Hearrenfean.

Foto: Martin de Jong

It wie in fysike wedstriid. Oan it ein fan de twadde perioade wie der sels wat opskuor tusken beide ploegen.

Trevor Peterson makke úteinlik it iennige Fryske doelpunt yn it Dútske Neuwied, dat mei de bus op sa'n 4,5 oeren riden fan It Hearrenfean leit.

Tredde plak

Nettsjinsteande it ferlies steane de Flyers noch op it tredde plak yn de Inter Region Cup. EHC Neuwied stiet mei trije oerwinningen boppe-oan yn de ynternasjonale kompetysje.

De Inter Region Cup is in heale kompetysje tusken trije Nederlânske, trije Belgyske en seis Dútske klups. Reden foar de nije kompetysje is dat der minder klups meidogge oan de BeNe League. Mei de Inter Region Cup binne de klups wis fan mear wedstriden.

(advertinsje)
(advertinsje)