Túnslangen sjitte tekoart by autobrân yn Aldeholtpea

03 nov 2019 - 22:06

Yn Aldeholtpea is in auto folslein yn flammen opgien. Buertbewenners ha mei túnslangen besocht om it fjoer út te meitsjen, mar dat is net slagge.

Foto: Pro News

It is net dúdik hoe't it fjoer ûntstien is. De auto stie parkearre doe't de brân útbruts.

De brânwacht hat it fjoer útmakke. In berger rommet de restanten fan de auto op.

Trefwurden: 
Aldeholtpea brân
(advertinsje)
(advertinsje)