Noppert yn kreaker nei finale World Series Finals

03 nov 2019 - 22:07

Danny Noppert fan De Jouwer is troch nei de finale fan de World Series Finals. Yn AFAS Live yn Amsterdam wûn de 28-jierrige darter yn in kreaker mei 11-10 fan Dave Chisnall.

Dave Chisnall, de nûmer tsien fan de wrâld, pakte de earste leg fan de heale finale. Hy like ek de twadde binnen te heljen, mar seach Danny Noppert 141 útsmite op dûbel tolve. De Ingelskman wie dêrnei wer by de les en gie mei in foarsprong fan 3-2 it earste skoft yn.

Fan dat stuit ôf gie it nivo fan de Jouster darter omheech. Mei inkelde goeie finishes rûn Noppert út nei in 6-4 foarsprong. Nei it twadde skoft sakke syn gemiddelde wer wat, wêrtroch't Chisnall wer bykomme koe: 7-6. Beide manlju pakten de folgjende legs en makken harren op foar in spannende slotfaze.

Foto: Orange Pictures

By in stân fan 8-8 smiet Noppert in goeie leg mei in 91-finish op de bullseye. Dêrmei bruts hy Chisnall en gie hy oan kop. Op 10-8 wie de Jouster noch mar ien leg fan de winst. De Ingelskman kaam lykwols werom oant 10-10. Doe't Chisnall twa wedstriidpylken miste, smiet Noppert 102 út foar de winst.

Danny Noppert treft yn de finale Michael van Gerwen. Dy wurdt sneintejûn spile.

Grand Slam wis

Troch syn finaleplak is ek dielname oan de Grand Slam of Darts wis foar Noppert. Dat toernoai wurdt fan 9 oant en mei 17 novimber spile yn it Ingelske Wolverhampton.

It telefyzjetoernoai de World Series Finals bestiet sûnt 2015. De earste trije edysjes waarden yn Skotlân spile en dêrnei ferhuze it toernoai foar ien kear nei Eastenryk. Dit jier wurdt de World Series Finals foar it earst yn Amsterdam en yn Nederlân hâlden. Darter Michael van Gerwen hat it toernoai leafst trije kear wûn.

(advertinsje)
(advertinsje)