Hokker Fryske reedriders steane oan de start by de wrâldbekerwedstriden?

03 nov 2019 - 21:37

Dit wykein stiene de reedriders foar it earst dit seizoen wer oan de start by it kwalifikaasjetoernoai yn Thialf. Dêr koene se tickets pakke foar de wrâldbekerwedstriden.

Foto: Orange Pictures

Trije dagen lang waard striden op ferskate ôfstannen. Mar wa hat no ek mar wer in ticket en wa net? Wy sette it op in rychje.

By de manlju

By de manlju moatte wy sjen nei de folgjende Fryske riders:

  • 1500 meter: Sven Kramer
  • 5.000 meter: Jorrit Bergsma, Sven Kramer, Douwe de Vries
  • 10.000 meter: Jorrit Bergsma, Marwin Talsma, Douwe de Vries

By de froulju

By de froulju steane de folgjende Fryske rydsters oan de start:

  • 500 meter: Michelle de Jong
  • 1.000 meter: Ireen Wüst, Letitia de Jong, Antoinette de Jong
  • 1.500 meter: Antoinette de Jong, Ireen Wüst, Reina Anema
  • 3.000 meter: Antoinette de Jong, Reina Anema
  • 5.000 meter: Reina Anema, Antoinette de Jong
Trefwurden: 
reedriden wrâldbeker
(advertinsje)
(advertinsje)