FIDEO: Sa klinkt Boudewijn de Groot yn it Frysk

03 nov 2019 - 21:34

Yn in spesjale útstjoering fan it telefyzjeprogramma Noardewyn Live is de CD 'Boudewijn de Groot yn it Frysk' presintearre. Dêrop steane hertalingen fan de nûmers út de begjindagen fan De Groot.

Hjirûnder binne de moaiste nûmers út dat programma te sjen.

De Groot is wiis mei hoe't de cd wurden is. Hy wie der net wis fan oft it Frysk wol sa geskikt wie om op muzyk te setten. "De taal heeft heel harde klanken, maar toen ik de liedjes hoorde blijkt dat de taal heel goed zingbaar is."

(advertinsje)
(advertinsje)