Hearrenfean sleept lykspul foar de helsdoarren wei yn Den Haag

03 nov 2019 - 18:38

SC Hearrenfean spile gjin bêste wedstriid tsjin ADO Den Haag. Pas yn de slotfaze koene de Friezen skoare. It waard 1-1.

Foto: www.orange-pictures.nl

It earste doelpunt fan de wedstriid waard makke troch Jens Odgaard fan Hearrenfean, mar it waard ôfkard fanwege bûtenspul. Op de bylden fan de VAR wie it net hiel dúdlik te sjen, mar de skiedsrjochter wie der wis fan.

Nei in oere makke Sherel Floranus fan SC Hearrenfean yn it sechtjinmetergebiet in oertrêding op Crysencio Summerville. Michiel Kramer benutte de penalty.

Yn de slotfaze fan de wedstriid kopte Sven Botman de fan Hearrenfean de bal yn de goal. Hy bepaalde de einstân op 1-1.

Sjoch hjirûnder nei de reaksjes fan Johnny Jansen, Alen Halilovic en Sven Botman.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)