Letitia de Jong revansearret har op 1.000 meter, ek tickets foar Antoinette de Jong en Wüst

Letitia de Jong fan Feanwâlden hat sneintemiddei yn Thialf in startplak ferovere foar de wrâldbekers op de 1.000 meter. Op it kwalifikaasjetoernoai kaam se ta in tiid fan 1.15,12. Dêrmei helle se it tredde plak. Ireen Wüst fan It Hearrenfean (1.14,77) en Antoinette de Jong fan Rottum (1.15,51) pakten ek in ticket. De winst gie nei Jorien ter Mors. Sy ride 1.14,56.
© Orange Pictures
Letitia de Jong kaam sneontemiddei mei in sechsde plak noch fjouwer hûndertsten te koart foar in startplak foar de wrâldbekers op de 500 meter. Ditkear wie de Friezinne nei har rit al wis fan in plak by de beste fiif. Mei noch fjouwer froulju te gean pakte se de lieding mei 1.15,12. Yn de twa ritten dêrnei wiene allinnich Ireen Wüst en Jorien ter Mors noch flugger.

Tûzensten ferskil

Foar Antoinette de Jong wie it lang ûndúdlik of se in ticket pakke soe. De 24-jierige reedrydster stie mei noch ien rit op it programma fjirde mei 1.15,51. Wüst wie yn dy lêste rit in stik flugger, mar Sanneke de Neeling ried krekt as Antoinette de Jong 1.15,51. Uteinlik wie de Friezinne trije tûzensten flugger as De Neeling en dus gie it fiifde plak en it ticket nei Antoinette de Jong.
Helga Drost (Akkrum), Anice Das (Wolvegea), Marijke Groenewoud (Hallum), Femke Kok (Nij Beets), Janine Smit (It Hearrenfean), Michelle de Jong (Rottum) en Myrthe de Boer (Skarsterbrêge) kamen tekoart foar in startplak op de 1.000 meter op de wrâldbekers.
Sjoch hjirûnder nei de reaksjes fan Letitia de Jong en Antoinette de Jong.
Op de 1.000 meter by de manlju wie Kai Verbij de rapste. Hy ried in baanrekôr fan 1.07,48. Kjeld Nuis waard twadde mei 1.07,82. It tredde plak wie foar Thomas Krol mei 1.07,88. De oare twa wrâldbekertickets wiene foar Hein Otterspeer (1.08,55) en Dai Dai Ntab (1.08,80).
Jur Veenje fan Garyp kaam mei 1.11,27 tekoart foar in startplak op de wrâldbekers. Hy einige op it 21e plak.
Utslach 1.000 meter
1. Jorien ter Mors 1.14,56
2. Ireen Wüst 1.14,77
3. Letitia de Jong 1.15,12
4. Jutta Leerdam 1.15,48
5. Antoinette de Jong 1.15,51
10. Helga Drost 1.16,32 PR
11. Anice Das 1.16,52
13. Marijke Groenewoud 1.16,63 PR
17. Femke Kok 1.16,86
18. Janine Smit 1.16,94
19. Michelle de Jong 1.17,00
20. Myrthe de Boer 1.18,09 PR