Molenhuis wint Berenloop op Skylge

De 24e Berenloop op Skylge is wûn troch Olfert Molenhuis. De hurddraver út Assen wûn de hele maraton yn 2:28.59. Twadde waard Iwan Kamminga út Nieuwe Pekela yn 2:33:16. Bêste Fries waard Willem de Boer fan Eksmoarre. Hy waard tredde yn 2:39:03.
© Pro News
Olfert Molenhuis hat fan begjin ôf oan op kop rûn. Ferline jier wûn hy de heale maraton, en no woe er in oanfal dwaan op it parkoersrekôr. Dat stiet op namme fan Remon van Lunzen út Ljouwert. Dy sette yn 2010 in tiid del fan 2:27:20.
Nei 25 kilometer lei Molenhuis noch moai op skema foar dat rekôr. Hy lei doe al 1.45 min. foar op de nûmer twa Iwan Kamminga en 4.45 min. op Willem de Boer. Mar it lêste ein oer it strân eiste syn tol.
Erik Negerman út Boalsert einige as twadde Fries op it fiifde plak. Foar Negerman, sânfâldich winner fan de heale maraton, wie it syn debút op de hele maraton fan Skylge.
Sjoch hjirûnder nei de reaksje fan Molenhuis.
Skylge winner Berenloop
By de froulju gie de winst nei Marjan Oostinga út Eelde. Sy kaam yn 3:07:20 oer de finish. Dat is rom boppe it parkoersrekôr út 2014 fan Mariska Kramer-Postma fan 2:49:34.

Heale maraton

De heale maraton waard wûn troch Paul Geertsma út Goutum yn 1:11:43. By de froulju gie de winst nei de winneres fan ferline jier Jessica Oosterloo út Appelskea. Sy notearde oer de 21,1 km in tiid fan 1:21:45.