Danny Noppert mei muoite nei heale finale World Series Finals

Darter Danny Noppert hat sneintemiddei mei in soad muoite de heale finales fan de World Series Finals berikt. De 28-jierrige Jouster wûn mei 10-9 fan de Ingelskman Ian White op it telefyzjetoernoai yn AFAS Live yn Amsterdam.
Yn it begjin fan de wedstriid hie Noppert it efkes dreech. Tsjinstanner White skoarde better, wylst Noppert muoite hie de trippels te finen. Oant 2-2 gie it lykop, doe't Danny Noppert de wichtige fyfde leg foar it skoft pakte.
Fan doe ôf wie de Jouster oppermachtich. By in stân fan 4-3 pakte Noppert trije legs op rige om mei 7-3 it twadde skoft yn te gean. Dêrnei wie it noch spannend. De Fries miste mear as tsien pylken foar de winst en liet White weromkomme oant 9-9. Yn de beslissende leg koe Noppert úteinlik fia dûbel seis nei de heale finale gean.
Noppert hope dat er yn de finale Raymond van Barneveld net tsjinkomt, sei er.
Ynterview Danny Noppert nei wedstriid tsjin White
De heale finales fan de World Series Finals wurde sneintejûn spile. Dêryn treft de Jouster Dave Chisnall, dy't yn de kwartfinale mei 10-8 Raymond van Barneveld fersloech.
It telefyzjetoernoai de World Series Finals bestiet sûnt 2015. De earste trije edysjes waarden yn Skotlân spile en dêrnei ferhuze it toernoai foar ien kear nei Eastenryk. Dit jier wurdt de World Series Finals foar it earst yn Amsterdam en yn Nederlân hâlden. Darter Michael van Gerwen hat it toernoai leafst trije kear wûn.