Roest rydt baanrekôr op 10.000 meter, Bergsma en Douwe de Vries pakke ticket

03 nov 2019 - 16:31

Patrick Roest hat sneintemiddei yn Thialf in baanrekôr riden op de 10.000 meter. Hy kaam op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai ta in tiid fan 12.42,97. Jorrit Bergsma fan Aldeboarn waard twadde mei 12.51,50. Douwe de Vries fan It Hearrenfean einige as tredde. Ek Grouster Marwin Talsma pakte in wrâldbekerticket.

Foto: Orange Pictures

Bergsma ried yn de fiifde rit in tiid fan 12.51,50, dêrmei gie hy doe oan de lieding. Douwe de Vries kaam yn dyselde rit ta 13.01,87. Yn de lêste rit gie Roest dêr lykwols wer ûnder mei 12.42,97. Dat is 73 hûndertsten rapper as it baanrekôr dat sûnt 30 desimber 2018 op namme stie fan Bergsma.

Ticket foar Talsma

Talsma kaam yn de fjirde rit yn aksje tsjin Marcel Bosker. Yn in spannende rit mei in geweldige einsprint kaam de Grouster úteinlik krekt tekoart om syn direkte tsjinstanner te ferslaan, mar syn tiid wie wol flugger as dy fan Bob de Vries: 13.07,25.

Sjoch hjirûnder nei de reaksjes fan Jorrit Bergsma en Marwin Talsma

Sven Kramer kaam al yn de earste rit yn aksje tsjin Jos de Vos. De Fries kaam mei in flakke race ta in tiid fan 13.07,97. Dy tiid bleau net lang boppe-oan de ranglist stean, want Bob de Vries fan De Haule ried yn de tredde rit mei 13.07,64 krekt ûnder de tiid fan Kramer. De 34-jierige reedrider makke it ferskil mei in slotronde fan 30,0.

Utslach 10.000 meter

1. Patrick Roest 12.42,97 BR PR

2. Jorrit Bergsma 12.51,50

3. Douwe de Vries 13.01,87

4. Marcel Bosker 13.07,01 PR

5. Marwin Talsma 13.07,25 PR

6. Bob de Vries 13.07,63

7. Sven Kramer 13.07,97

(advertinsje)
(advertinsje)