Meardere minsken mei de skrik frij nei ûngelok by Noardburgum

03 nov 2019 - 16:09

Helptsjinsten binne útriden foar in opfallend ûngelok op de Sintrale As by Noardburgum. In auto bedarre oan de ferkearde kant fan in talúd, flakby in fiadukt.

Foto: De Vries Media

Neffens de earste berjochten sieten der trije minsken yn de auto. Dy soene net ferwûne rekke wêze. De auto rekke wol skansearre.

De plysje hat in part fan de dyk ôfsletten om de bergers de romte te jaan. It is net dúdlik hoe't it ûngelok ûntstean koe.

Trefwurden: 
ûngelok Sintrale As
(advertinsje)
(advertinsje)