Sander Arends ferliest finale yn Eckental

03 nov 2019 - 15:48

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat de finale fan it challengertoernoai yn it Dútse Eckental ferlern. De Brit Skupski en de Australiër Smith wûnen mei 7-6, 6-4 fan Arends en syn Tsjechyske dûbeldmaat Roman Jebavy.

Foto: www.orange-pictures.nl

It wie foar Arends de tsiende finale fan it jier. Fiif dêrfan hat er wûn, de oare fiif ferlear er. Takom wike spilet Arends yn Bratislava, de wike dêrnei yn Helsinki, en dan is it seizoen dien.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)
(advertinsje)