Anema pakt tredde ticket mei twadde plak op 5.000 meter, De Jong fjirde

Reina Anema hat har fantastyske reedrydwykein noch moaier makke. De reedrydster fan De Gordyk einige as twadde op de 5.000 meter en hellet dêrmei har tredde wrâldbekerticket binnen. Datselde jildt foar Antoinette de Jong, dy't as fjirde einige. Esmee Visser wûn de ôfstân op Thialf.
© Orange Pictures
Anema ried yn rit fjouwer as earste fan it dielnimmersfjild ûnder de sân minuten: 6.57,58. Dêrmei helle se goed fiif sekonden fan har persoanlik rekôr ôf en wie se mei noch twa ritten te gean al wis fan in startplak op de wrâldbekers. Op de 1.500 en 3.000 meter ried se dit wykein ek al in persoanlik rekôr.
De Jong ried yn de sechde en lêste rit tsjin baanrekôrhâldster Esmee Visser. Beide froulju giene lang lykop, mar de Friezinne koe it tempo fan Visser healwei net mear byhâlde. Ek de tiid fan Anema wie úteinlik net helber foar De Jong. Se einige yn 6.59,69 as fjirde. De rydster fan Rottum pleatste har earder dit wykein mei twa kear in twadde plak ek al foar de wrâldbekers op de 1.500 en 3.000 meter.
Sjoch hjirûnder nei de reaksjes fan Reina Anema en Antoinette de Jong.
Carien Kleibeuker fan It Hearrenfean soe yn earste ynstânsje ek starte op de 5.000 meter, mar de 41-jierige reedrydster melde har sneintemoarn om ûnbekende reden ôf.
Utslach 5000 meter
1. Esmee Visser 6.52,75
2. Reina Anema 6.57,58 PR
3. Carlijn Achtereekte 6.59,25
4. Antoinette de Jong 6.59,69
5. Irene Schouten 7.00,95