Grutste lanlike ûnderwiisbûn: woansdei dochs stake

03 nov 2019 - 13:57

De lanlike ûnderwiisstaking op woansdei 6 novimber giet dochs troch. It haadbestjoer fan it ûnderwiisbûn AOb hat dit snein bekend makke. Foarsitter Liesbeth Verheggen fan it deistich bestjoer fan it bûn hat dêrop har funksje dellein. It AOb is it grutste fakbûn fan ûnderwiispersoniel yn Nederlân.

Foto: ANP

It bûn hie earder de staking ynlutsen, doe't der in akkoart berikt waard oer ekstra jild fan it Ryk foar it ûnderwiis. It kabinet stelde 460 miljoen euro beskikber, mar om't it net om in strukturele bydrage gie, kamen der in soad lilke reaksjes fan minsken út it ûnderwiis. Fanwege de ûnfrede by de efterban wol it bûn no dochs trochgean mei de staking.

It lytsere onderwiisbûn Leraren in Actie woe yn elts gefal de staking al trochsette. CVO Noard-Fryslân, de feriening foar kristlik fuortset ûnderwiis yn ús provinsje, soe woansdei net oan de staking meidwaan. Dat sei Joost Visser, foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan CVO Noard-Fryslân sneon by Omrop Fryslân.

Rayonbestjoerder Hayo Bohlken fan it AOb

Trefwurden: 
ûnderwiis staking
(advertinsje)
(advertinsje)