Hûnderten frijwilligers oan 'e slach yn Fryske natuer

03 nov 2019 - 12:32

Sa'n achthûndert minsken hawwe sneon oan it wurk west yn de Fryske natuer. Se diene mei oan de natuerwurkdei fan Landschapsbeheer Friesland en Staatsbosbeheer.

Foto: Regina ter Steege, Landschapsbeheer Friesland

Frijwilligers wiene dwaande mei it plantsjen en snoeien fan beammen, en it ree meitsjen fan de natuer foar it folgjende seizoen. Dêrnjonken hawwe fjirtich bern blombollen plante yn de kleastertún fan Easterbierrum. Dizze wurkdei is in earste stap foar in 'Grienteam fan it Noarden', om Easterbierrum griener te meitsjen.

De grutste lokaasje wie dit jier de Houtwiel boppe Feanwâlden, dêr't Staatsbosbeheer sa'n hûndert frijwilligers ûntfong. Der wiene yn dat natuergebiet in soad beamkes dy't omseage wurde moasten. Dit moat dien wurde om foar te kommen dat it gebiet tichtgroeit.

(advertinsje)
(advertinsje)