Spinningaksje yn De Marwei smyt mear as twatûzen euro op

03 nov 2019 - 10:52

De detinearden fan de finzenis yn Ljouwert hawwe sneon 2367,50 euro ophelle mei har spinningaksje. Sa'n 80 minsken fytsten foar it fûns KWF Kankerbestrijding. Dy sykte hat in meiwurker fan de finzenis it libben koste.

Foto: Omrop Fryslân

"Onze dikke en hoge gevangenismuren houden veel tegen, maar helaas niet die vreselijke ziekte kanker", seit Peter Foekema, dy't by De Marwei wurket. It ferstjerren fan de kollega makke djippe yndruk op it personiel en ek op de detinearden.

Foekema woe wat dwaan, en hat dêrom de spinningaksje op tou set. "In de gevangenis ben ik al betrokken bij de spinninglessen voor gedetineerden. Dus vandaar dat ik op het idee kwam om de marathon te organiseren", sa fertelt er.

Der wie fuort in soad animo foar de aksje, net allinnich fan de direkteur en de kollega's fan Foekema, mar ek fan de detinearden. "Laten we niet vergeten dat het gewoon mensen zijn, die in hun omgeving eveneens geconfronteerd worden met deze ziekte of zelfs binnen de gevangenismuren."

De detinearden hawwe sels ek jild jûn oan de aksje. Se hawwe 150 euro ynsammele. Dat klinkt miskien net as in soad, mar it wurk binnen de muorren fan de finzenis smyt mar 76 sint de oere op. "En dan is dat natuurlijk een heel mooi bedrag."

(advertinsje)
(advertinsje)