Auto yn de sleat njonken A7, bestjoerder poater

03 nov 2019 - 10:27

In foarbygonger hat sneintemoarn op de A7 yn de rjochting fan It Hearrenfean de helptsjinsten ynskeakele, doe't er ynienen in auto yn de sleat lizzen seach.

Foto: ProNews

Doe't de helptsjinsten by it plak fan it ûngelok oankamen, wie de bestjoerder poater. It is dus ek net dúdlik wat der krekt bard is, of wannear't de auto fan de dyk rekke is. Rykswettersteat hat ien rydstrook ôfset om feilich wurkje te kinnen.

De plysje docht ûndersyk nei it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok It Hearrenfean A7
(advertinsje)
(advertinsje)