Boekekast #6: Renger fan Nyk de Vries

03 nov 2019 - 09:28

Harkesto ek graach nei Fryske ferhalen? Dan ha we goed nijs foar dy. Omrop Fryslân hat yn gearwurking mei Boeken fan Fryslân in podcast ûntwikkele mei de moaiste Fryske boeken en ferhalen fan dit momint: de Boekekast. Yn dizze sechde Boekekast in fragmint út 'Renger' fan Nyk de Vries. Nyk de Vries lêst it foar.

In jonge Fryske skriuwer, dwers yn de omgong, nimt yn syn wenplak Amsterdam in lift oan fan de mysterieuze Renger. Hoe faak hat syn heit, in sunige boufakker dy't alles sammelet dat los en fêst sit, him eartiids wol net warskôge foar dit soarte moaipraters? Dochs stapt hy yn de âlde Volvo.

Nyk de Vries

De roman 'Rezineknyn' wie yn 2000 it debút fan skriuwer Nyk de Vries. Mei syn tredde roman 'Renger' wûn De Vries yn 2016 de Piter Jellespriis en waard hy nominearre foar de Van der Velde- en Gysbert Japicxpriis. In oantal wurken fan De Vries binne ek yn it Nederlânsk ferskynd.

De Boekekast is in podcast mei Fryske ferhalen en fragminten út Fryske boeken. Boekekast is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân en Omrop Fryslân. Sechstjin wiken lang wurdt alle sneinen in nij ferhaal of fragmint publisearre. Boekekast is te beharkjen op de webside fan Omrop Fryslân, yn de podcastapp en op Spotify. Sjoch foar mear ynformaasje oer Boekekast op omropfryslan.nl/boekekast.

(advertinsje)
(advertinsje)