FNP wol miljoenediskusje oer turnhal út jierbegrutting helje

03 nov 2019 - 08:59

De plannen foar in nije turnhal op It Hearrenfean soargje foar argewaasje yn de Feanster polityk. De FNP yn de gemeenteried is net wiis mei de gong fan saken. Se fine dat der in grutte finansjele ynvestearring weistoppe wurdt yn de jierbegrutting.

Sportstad Heerenveen op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

By Sportstêd Hearrenfean moat in nije topturnhal komme. Dat wolle Topsport Noord, turnbûn KNGU, NOC*NSF en ek de gemeente Hearrenfean. Dy hat de frege 1,2 miljoen opnommen yn de begrutting om de nije hal te realisearjen.

De FNP fynt lykwols dat sa'n bedrach op in grutter poadium bepraat wurde moat. "We krije it gefoel dat in wichtich beslút oer 1,2 miljoen fuort stoppe wurdt yn in begrutting foar in hiel jier", stelt de fraksje. "In beslút oer safolle jild en in plan dêr't de ried noch net earder oer praat hat, fertsjinnet in grutter poadium."

De fraksje komt dêrom tongersdei by de behanneling fan de begrutting mei in foarstel om it jild foar de turnhal net fuort beskikber te stellen. Se freegje it kolleezje om mei in riedsfoarstel te kommen, dat dan earst yn de kommisje en letter yn de ried bepraat wurde kin.

(advertinsje)
(advertinsje)