Man oanhâlden foar fernieling taksybus yn Drachten

In man hat sneontenacht in taksybus fernield op de Kade yn Drachten. De plysje slagge deryn him oan te hâlden yn de Nachtegaalstrjitte. By syn oanhâlding fersette de man him bot.
© ProNews
Neffens omstanners hie de fertochte rûzje mei in oar en sloech er dêrom ruten fan it buske stikken. De oanlieding foar de rûzje is net dúdlik. De plysje ûndersiket de saak.