Sulver foar Schulting yn Salt Lake City

02 nov 2019 - 23:54

Suzanne Schulting is twadde wurden by de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen. Op de 1500 meter einige se efter Kim Boutin út Kanada, dy't Schulting mei noch in ronde te gean passearre en fersloech.

Foto: www.orange-pictures.nl

Schulting is olympysk kampioen op dizze ôfstân en dus de favoryt. Yn Salt Lake City ried se yn in sterk besette finale. Dêr liet se sjen dat se noch altyd by de bêsten heart, mar de fersnelling fan Boutin oan de ein fan de race wie yndrukwekkend.

Yara van Kerkhof pakte it sulver op de 500 meter.

By de mannen stie de Ljouwerter shorttracker Itzhak de Laat yn de B-finale op de 1500 meter. Dêr waard hy tredde.

Relays

De ploegen fan de froulju (Suzanne Schulting, Rianne de Vries, Lara van Ruijven en Yara van Kerkhof) en de manlju (Dennis Visser, Itzhak de Laat, Daan Breeuwsma en Dylan Hoogerwerf) waarden beide twadde yn de heale finale fan de ôflossing en giene dêrmei troch nei de finale.

De Nederlânske mixed relay-ploech mei Daan Breeuwsma, Lara van Ruijven, Xandra Velzeboer en Bram Steenaart wûn de B-finale.

(advertinsje)
(advertinsje)